Kikkert by Patrick       kikker

Ik bin krekt wekker, it is noch hiel betiid.
Ik bin útfanhûs by Jordi en Tamara, Sjoukje en Ted.

Ik bin by myn neefke Jordi, hy wennet yn Surhústerfean. Wy stekke in stjerke oan yn de tún.
De stjerkes binne op, it fjoerwurk ôfstekken is klear. Kikker sit op it hek, der is in hiele protte snie fallen, alles is wyt.
Tegearre mei Kikkert fan de glydbaan. De shovel hat in grutte sniebulte makke, Kikkert kin sa fan ús glydbaan rôlje. It waait dat it rikket, it is in sniejacht.
Kikkert fynt it wol moai yn de snie, gelokkich hat der wol in sjaeltsje om. Hy hat it dochs wol kâld, hear! Kikkert hipt samar yn de krystbeam.
Kikkert sit boppe op it reuzerêd. Kevin, myn broerke hat dat sels makke. Ik sjoch nei it lân, der leit noch hiel folle snie.
Ik boartsje op myn nije keammerke, Kikkert sit op de frachtwein. De grutte hûn hjit Brenda, dy is fan ús. De lytste hûn hjit fan Brún, dy is fan Jan en Dinie, de baes fan myn heit.
By it iis, efter ús hûs. Kikkert en ik binne by de brân, pake hat it fjoer oanstutsen.